Ruth
Op in winterjoun, wylst beppe yn ’e hjirdsbarne mei it woarstwurk dwaande is, sitte har beide bernsbern, Lokke en Rikst, om ’e tafel hinne en freegje einlings nei it teltsje út beppe har fammetiid. En beppe begjint te fertellen: hoe’t sy en har suster Syts, sa’n sechstich jier lyn, as twa fleurige jonge fammen op in widdofrouwen-pleatske yn ’e hege elzen libben, en hoe’t se foar it earst nei de Dokkumer merke teagen. Syts, in fromminske as in lôge mei blauwe eagen en dobkes yn ’e wangen, lûkt de feinten as âlde roeken oan, en út dy soargeleaze, blide jongerein-tiid groeit stadichoan in libbensferhaal mei leafde, kar en fertriet.
It boek libbet fan it kontrast tusken jonge wille en it ûnk dat sa hird rint, tusken de soargeleazens fan ’e jeugd en de wiisheid fan ’e âlderdom. Kloosterman skilderet it âlde Fryske plattelânslibben yn rike, sappige taal, en hâldt sa in stik folkskultuer, tongslach en froulik lot foar it neiteam fêst.
How it begins
Beppe siet yn ’e hirdsberne mei in greate bûterskûtel fol woarstfleis op ’e skirte en ’t woarsthoarntsje twisken de fingers en hja seach ris troch de bril, dêr ’t hja fen sa’n omrinder om ’t skik oankaem wie, hwat for frjemde fiten hjar bernsbern yn ’e útsettinge hiene. It wierne twa tsjeppe fammen: Lokke, beppe hjar genaemd en Rikst, hjar sister, dy ’t hjerstmis, as de lêste forwile blêdden oer ’e keale lânnen stouden, fen ’e Simmerdyk by Birgum, dêr ’t hjar heit genjirker wie, nei de Trynwâlden ta teagen, om ’e Ryptsjerkster beppe by ’t woarstjen to hânlangen. ’t Ald sloof hie ’t oars to bânnich. Nou sieten hja om ’e roune klaptafel en makken de lêsten dien, en de âlde sifertse kat, dy ’t de hiele joun al op it katteplankje ûnder ’e tafel sitten hie to longerjen nei de feltsjes, rekte him út en streake om ’e frouljue hinne. Wyls ’t Rikst de boel birêdde, helle Lokke út beppe bod’lerij de moaije saksise reaukes, dy ’t oars net brûkt waerden, as dat lânhearre kaem to jeijen ef as pastoar en syn oarrehelte op in winterjoun kamen to pizeljen, en dy waerden op ’e tafel klear set mei in pantsje mei stikken Grinzer koeke derby.
Text from Project Gutenberg, public domain.