BoltRead

De swiere winst

by Douwe Kalma

fy · ~210 min at 250 WPM

For it earst sûnt syn militêre tsjinst stiet Sjoerd Lolkes wer as arbeider op ’e terp by boer Westra, oan it modderwurk mei de kipkarren. Mar op dizze moaie foarsimmermiddei fielt er gjin nocht mear oan it stadige, wurktúchlike bodzjen fan ’e âldere maten om him hinne. Hy hat de wrâld sjoen, oare libbens priuwd, en no fynt er it doarpske, ynkennige bestean fan ’e Fryske arbeiders binypt en lef. Wrakseljend mei rûzige dreamen, earsucht en in groeiende ûnwissens oer wat er eins wol, fielt er in spjalt grôtsje tusken himsels en de minsken dêr’t er eartiids by hearde.

It boek is in trochljochting fan in jonge man dy’t tusken twa wrâlden klemsit: oanbûn oan ’e swiere fette klaai fan syn lân, mar fan binnen útgroeid boppe it lot fan syn fynsten. Kalma jout teare lânskipsbylden en in djippe ynderlike skôging fan ferlangjen, earsucht en ferfrjemding. It is in wurk oer it sykjen nei in eigen plak en sin yn it libben, en oer de winst dy’t allinnich mei swierte komt.

Read this book

How it begins

For it earst sûnt syn tsjinst stie er wer by boer Westra yn ’e terp. In moaije jonge foarsimmermiddei wier it, sa’n ien as de hiele ierde yn stille wille to sintsjen leit yn it oanwinnende sinneljocht, dat net mear delskynt troch in Maitiids-flues mar ek yet net skroeit en barnt yn it ûnmeilydsume strieljen fen syn útlitten krêft, waermens, dy’t de tinzen bliid makket en ljocht, en langjen docht to rêsten oan it hert fen mem Ierde. Hiel stadich en freedsum sylden in pear suvere wite wolkens de blau laitsjende himel foarlâns, weidriuwend nei de heimsinnigens efter de kimen, dêr’t it rûzjen is fen de ûneinige sé en it klokken fen syn útrinnende weachjes tsjin de kearende peallen; in jonge teare gloede, al swierder as by ’t Maitiid, mar net sa djip-grien yette as yn de foldiedige midsimmer, weve stil oer de lânsdouwen en de mantelbeammen fen de pleatsen yn ’t fiere roun. Alles like glêd en bloeijend yn dat trintene ljocht, oant de swarte guds foar de kipkarren en it sike brunige rust fen de raljes ta. Sjoerd Lolkes stie loai to hingjen oer syn lodde, útpûstend fen it wirk, as it wirk hjitte mocht, de skepmennich dy’t er dien hie. Hy seach om him hinne; der wier fensels nimmen dy’t der erch yn hie.

Text from Project Gutenberg, public domain.