Ljocht en Skaed: In mennich biskôgings
Ljocht en Skaed: In mennich biskôgings is in bondel biskôgings fan Douwe Kalma, skreaun yn de skaad fan de Earste Wrâldoarloch. Wylst om de Fryske grinzen hinne stêden baarne en de jonkheid fan oare lannen falt, freget Kalma him ôf hoe’t in minske him hâlde moat tsjinoer dy ûnminsklikheid. Hy hekelet de maklike ûnferskilligens fan dyjingen dy’t trochgean as barde der neat, mar likegoed de wanwizens fan de wrâldferbetterers dy’t earst de oar leare wolle. Yn ’t plak dêrfan ropt er op ta selsfoarming: earst jinsels sterk meitsje, en dan pas de wrâld oanpakke.
De grutte tema’s binne plicht, moed en de ûnoantaastberens fan de eigen siele: de wrâldmachten hawwe macht oer it liif, mar net oer de geast, dy’t him allinne foar God bûgt. Kalma’s wet is „Bid en wirkje”. It boek is wichtich as in foarbyld fan ynderlik en filosofysk Frysk proaza, dat persoanlike etyk en nasjonaal bewustwêzen ferbynt yn in tiid fan krisis.
How it begins
Dit is de syktme, dy’t it ûnsidige lân, dêr ’t wy yn libje, oantaest hat en ûnsjênber, stadichoan it hiele gestel ûnderminet, oant er ienris tapakt en ynslacht, sûnder in lytse kâns op genêzing to litten —det, wylst tichte by ús grinzen de blom fen ’e jonkheit út omlizzende lânnen sichte wirdt fen ’e dea, wylst de nachtloft read is fen fjûr en de groun fen bommen towoelle, wylst de lânnen sêd binne fen geskriem en de weagen fol fen gerop, fierwei de measte minsken hjirre dogge, as barde der neat, en swietsjesoan trochgean mei hjar deistich wirk, ef mei hjar wyn-drinken en it ôfrinnen fen komeedzjes en jounspretten foartfarre. Men fetsje my wol. Nimmen scil bigeare, det wy nei de yllinde en de ûnminskelikens fen de oarloch in toarn oanskôge to hawwen, ús jowe mids de forheftige kolk fen de striid, nimmen sels, det wy út rouwe om de frjeonen, dy’t foelen, lyk as eren de hartoginne fen Angoulême, ek it glimkjen oerjaen scoenen, ek út ús libben it laitsjen fordriuwe. Mar hwet as plicht rêst op elts, dy’t syn libben net trochgean wol as in doarmer yn in geheimige en rûzige nacht, is him to jaen yn de earnst fen ús tiid en de ynfloeden fen ús dagen op him ynwirkje to litten, sûnder to eangjen, det hja him út it lead slaen mochten.
Text from Project Gutenberg, public domain.