BoltRead

Kening Aldgillis

by Douwe Kalma

fy · ~205 min at 250 WPM

Yn ’t jier 677, oan it âlde Fryske keningshof, spilet dit fersdrama him ôf om kening Aldgillis en syn soan, de jonge prins Radbod. Foarstinne Thied dreamt fan in gloarjeryk Fryslân, in machtich ryk dat har pakesizzer ta master meitsje sil oer alle folken oan ’e see. Mar har dochter Jûle fielt de tsjustere kant fan Radbod syn siel oan en freget har ôf oft striid en macht him wier lok bringe kinne. Tusken ljeafde, eare en de hieltyd driigjender macht fan it krús ûntjowt him in needlot dat net mear te kearen is.

Douwe Kalma, de driuwende krêft fan de Jongfryske Mienskip, hat hjir in heroysk treurspul skreaun oer Fryske frijheid, greatens en ûndergong. It wurk wraksellet mei de spanning tusken heidenske trou oan it âlderlân en it opkommende kristendom, tusken dream en werklikheid. Yn syn ryk klinkende, klassyk foarme fersen heart men de ambysje om it Frysk as folweardige literêre taal te ferheffen — in mylpeal yn de Fryske skriftekennisse.

Read this book

How it begins

De foarste útkomste spilet yn de hal fen Thied, de twadde yn Ydwine hjar keamer, de tredde yn de troanseale fen de kenings-stins, de fjirde yn in klinte yn it wâld, de fyfde yn de troanseale fen de kenings-stins. Tiid fen spyljen: yn de foarste útkomste iere maitiid; yn de twadde en tredde midsimmer; yn de fjirde lette hjerst; yn de fyfde effen foar it Jûl-feest. Jier: 677. FOARSTE UTKOMST. 1. Thied, Jûle. THIED. Sa kin ’t wol, Jûle. Né, dy skeakels net, Noch ek dy spjelden, flûnkerjend fen goud— Gjin pronkske steat mear op myn âlde dei. To lang is ’t lyn, det Fryslân’s feinten my Forbliden mei hjar ljeafde en flûnkrjend each— Gjin goud noch glânzgjen mear. My foeget bêst Dit lynwaed, deistich yn syn skyn, mar djûr As nea in fammehân noch weve hat Fen Eider oant it Sinkfal. Jûle, tank. JÛLE. Wier ’t foechsum, det ik Mem in frage die? THIED. Hwet wier ’t, myn dochter? JÛLE. Wachtet Mem hwet greats, Det Mem hjar djûrste liifsklaed oantein hat? THIED. Hwet greats en bliids. Mar ho’t it krekt bistiet, Hwet it bitsjut en hwet it wytgje mei, Ik wit it net... JÛLE. Dochs mient Mem al, det eat... THIED. Nin mienen, mar in witnis is ’t, dy’t myn Forjeldzjend hert mei nije gloed’ trochstriel’t— Hark Jûle, en siz, eft ik falsk hoopje scoe.

Text from Project Gutenberg, public domain.