Fryslân en de wrâld
Yn „Fryslân en de wrâld” hâldt Douwe Kalma, ien fan de foaroanmannen fan de Jongfryske Biweging, it wurd ta syn mienskipsleden oer de takomst fan Fryslân en syn plak yn 'e wide wrâld. Hy giet yn op de fraach oft de jonge biweging in eigen tydskrift hawwe moat, en wjerleit dyjingen dy 't út louter praktyske berekkening hannelje wolle. Mei skerpe wurden en treffende bylden ropt er op om net nei it tafal fan it eagenblik te libjen, mar de eagen fêst te hâlden op it fiere, glinsterjende Ideael, dat as in stjer de rjochte wei wiist.
It boek giet oer trou oan oertsjûging, oer persoanlike frijheid en oer de krêft fan idealisme boppe koartsichtich gewin. Kalma ferbynt de Fryske saak mei in bredere, suverjende streven nei skjintme en wierheid. It docht der ta as bûnsteken fan it Fryske selsbewustwêzen en as in pleit foar in folk dat syn eigen taal, lieten en bestimming heech hâldt.
How it begins
Do ’t Jim’ niis-krektsa hast allegear jim’ bitinken to witten dienen oer de frage, hok for wykblêd, „Sljucht en Rjucht” ef „Fryslân” de minste ûnsuvere ynfloeden ûndergiet, en oan hok for blêd it dos winskelik hâlden wirde moast as Jong-Fries mei to dwaen, en do ’t Jim praetten, lyk ik fen Jimme biwend bin, iepen en rounút, ek my gjin ôfkarring bisparjend, as Jim’ mienden, dat der reden for bistie, do haw ik dêrnei harke mei blide nocht, om ’t hwet Jim’ seinen, bliken joech fen earnstich oertinken en oertsjûgingsmoed. Ik winske dit oan it bigjin fen hwet ik to sizzen haw, efkes to forklearjen, om ’t ik it dochs nedich achte, in inkeld lid to binnen to bringen, dat er net bûten ’e oarder to gean hie, en om ’t ik soks in kearmennich sei yn moai forheftige wirden, as it my talike, dat der oars gjin acht genôch op slein wirde scoe. Mar wier der dos blidens yn my, as ik harke nei Jim’ kleare tael en faken tocht to bifinen, det Jim’ wier-wier it bilang fen ’e jongfryske saek, dy ’t it fryske bilang by útstek is, foar eagen hâldden, ik scoe dochs tsjin myn sin prate moatte, as ik sei, dat Jimme wirden my alhielendal foldien hawwe en dat der neat yn wier, hwertroch ik myn fordildigens heal forlear.
Text from Project Gutenberg, public domain.