Noarderljocht
It foarste bidriuw spilet op It Amelân, yn de stins to Ballum, yn it jier 1680. Frâns Duco, twa-en-tweintich jier âld, is in jongkeardel dy’t him "bern fen de sé" neamt en troch in âld famyljegeheim oan de weagen en de grizens fen syn lânsdou boun is. Wylst Welmoed en Jelmer him besykje del te hâlden by it libben en de fleur fen it doarp, lûkt syn siele hieltyd fierder nei de stille, einleaze sé en nei it mearke fen it Noarderljocht. It stik folget hoe’t syn langstme nei dat ivige ljocht him fan de minskewrâld weidriuwt.
Kalma jowt yn fersfoarm in tsjok-symboalysk drama oer langstme, dea en de striid tusken ierdske leafde en de roppende sé. It Noarderljocht stiet foar in suvering en in nij bestean dêr’t al wat heal is forsterft. As ien fen de wichtichste wurken fen de Jongfryske beweging lit it sjen hoe’t Kalma de Fryske taal ta hege literatuer ferheffe woe.
How it begins
It foarste bidriuw spilet op in grize simmer-neidei dy’t tsjin it ûndergean fen de sinne yetris oplôget yn gloede fen read en goud, yn in seal fen de frijhearlike stins to Ballum; it twadde in rûzige middei yn hjerst, itselde sté. Jier: 1680. Frâns Duco is twa-en-tweintich jier âld. By de foarste opfiering (Jelsum 15–8–’20) wieren de rollen fordield lyk as neikomt: Frâns Duco: Hero Cammingha; Rixt fen Donia: jiff. A. v. d. Veen; Welmoed: jiff. P. Ratsma; Jelmer Walta: J. P. Wiersma; Thora Unema: jiff. A. de Langen; Ds. Idzert Marléus; C. Iest; in fiskersfaem: jiff. J. v. d. Laan. FOARSTE UTKOMSTE Seal yn de Ballumer stins, mânsk en foars; stil twivelich ljocht. Rjuchts efter in doar nei de hal; yn it lewant lofts in finster. Op ’e eftergroun Frâns Duco, yn tinzen; Jelmer Walta yn stúdzje oer in foliant, lofts fen him; rjuchts Welmoed, mei borduerwirk. FRANS DUCO. Hwet is it stil ... sa stil hearde ik it nea... De wyn dy’t swijt, de dei dy’t skymrich driuwt, Hiel fier de sé dy’t yn de iivgens flijt, En stil, ien swijsum gean, de grize loft— ’t Is as torint, bifrijd fen egen grins, Elts libjend ding yn einleasheit fen ’t neat, En frjemd slacht yn ús hert de bloedklop troch, It iene libb’ne dat ús hjoed yet bleau, Sa hoar, sa sterk, en skielk dochs ek forstoarn...
Text from Project Gutenberg, public domain.