De jongfryske biweging
Yn dit wirkje set Douwe Kalma syn beweging foar in nije, selsbewuste Fryske kultuer útien. Hy beskriuwt earlik en frijmoedich de soarchleaze, fersleaude tastân fan de Fryske taal en literatuer, en rekkenet ôf mei de konservative foarmannen — benammen it Haedbestjoer fan it grutte Selskip — dy't neffens him te lang stil bleaune en gjin moedige died ferrjochten. Kalma lit sjen dat Frysk en Hollânsk inoar yn de djipste grûn fijannich oerstean, en ropt syn lânsljue op fjochters foar de eigen taal te wurden en har alle rjochten werom te jaan yn it deistich libben.
It boek is in striidskrift foar taalstriid én literatuer tagelyk. Kalma freget folsleine uteringsfrijheid foar dichters en proazaskriuwers, sadat foarm en ynhâld ta folsleine harmony komme. It bliuwt wichtich as it grûnlizzende manifest fan de Jongfryske beweging, dat de Fryske letterkunde nije eare, selsbetrouwen en artistike heger easken joech.
How it begins
By it bigjin fen dit wirkje, dat troch earlik en frijmoedich utering to jaen oan itjinge tsjinwirdich omgiet yn herte en forstân fen ’e moedichsten ûnder ús jonge, opbloeijende fryske skriuwers, meiwirkje wol om it safier to bringen, det ús letterkinde, dat is: de wjerspegeling fen ús fielen en tinken, mei eare, sûnder meilydsum glimke alteast, neamd wirdt neist dy fen oare, mei it den ek wêze machtiger en talriker foltsen, binammen neist dy fen Hollân—dit ommers stiet wol fêst, det ús sprake foar alles to soargjen hat hwet folmakke uteringswize en kleurich wirdebrûkme oanbilanget net minderwirdich to wêzen oan hjar gefaerlikste sister—bin ik wol tige binijd nei it oardiel, det oer myn uterings fen ’e measte lêzers útspritsen wirde scil, en de ynfloed dos, dy ’t dit wirkje hawwe kin op ús skriftenkennisse en taelstriid. De soargeleazens for ús tael, dochs in geastelik goed fen it heechste wicht, dy ’t men mismoedich sa faken merkbyt by ’t fryske folts, is foarâl hjirtroch ûntstien det de fryske foarmannen, eang det hja twongen wirde scoenen ta to jaen, det hjar wolmienende lieding sûnder geastdrift en dertroch earm oan fortuten west hie, der nea net ta gear komme koenen, hjar lânsljuwe earlik yn to ljochtsjen oer de wezentlike, ridlik ûnbihaechlike tastân.
Text from Project Gutenberg, public domain.