BoltRead

It Jubeljier

by Simke Kloosterman

fy · ~690 min at 250 WPM

Op in feestdei yn juny, as de plesierskipkes klear lizze foar de tocht troch it Wetterlân, jouwt de âlde Freark-om himsels op syn moaist en wachtet by it Fliet yn Ljouwert. Ut in steatige koets stappe de heechheit fen de stêd: de fynklaaide Ryklef Ripperda, in earnstige man yn it swart mei syn lyts wyfke Nelle, en de jonge, libbene Sibbel, dy't foar it earst ûnder de hoede fen omke en moike mei mei op reis. Sa begjint in ferhaal fol kleur, geur en âld-Frysk libben, der't lytse minsken en grutte hearen elkoar yn it sinneskyn moetsje.

Simke Kloosterman skilderet mei in ryk, sinlik wurd in ferdwûn Fryslân: it ferskil tusken stân en folk, de langst nei feest en frijheid, en de skientme fen lân en stêd. It is in fiering fen taal en lânskip, en in earbetoan oan de Fryske siel sels.

Read this book

How it begins

Freark-om stie der foar as in âld hiemdogge, dy-t frjemd folk rûkt ûnder de wyn. It bird-barnderke gleon oan, de hânnen yn ’e broeksbûsen en ’t wiet wosken hier mei brede streken ûnder ’e pet wei. Sa stie ’r der op ’e wâl en wachte. ’t Skip skjin lading yn.... nou noch in koeltsje, det der sa oantripkjen komt op jongfammefoetten, det hearde by sa’n dei, sa’n feestdei! Dy hie ’r mar ienris yn ’t jier, de 3de Woansdei’s fen Juny. Den rinteniere hy sels en wie de baes oer in stik ef hwet bêste feinten, dy-t net in amerij omloaiken, moarnsier al bigoanen en jouns let noch sjongende wei op Ljouwert oanstevenen. Jonge, jonge, trewis wie’t, soune en skande, mar ienris yn ’t jier! Ien ding, der seach ’r altyd raer tsjin oan, det Sneinshabyt. Hy siet der yn as in moethoun yn ’t fel, der wie gjin spaesje. Hjir knypte ’t, der knypte ’t en sims krêke it ûnder ’e earm, alderearmoedigst. Mar Pytsje-moi hjar izerjern wie sterk.... it hâldde de rukken fen syn brede rêch en ’e koarte earms wol út en hy wie altyd hiel en knap wer thús kaem. Mar dagen wierne ’t! Nou stie ’r hjir op ’t Fliet en wachte. De sinne wie al lang op, it wynwizerke op ’e Túnsterpoarte flikkere, krekt as wie ’t kleare bare goud.

Text from Project Gutenberg, public domain.